Epke hellet goud en brûns

20 mrt 2011 - 17:57

Turner Epke Zonderland hat snein by wrâldbekerwedstriden yn Parys mei in hast foutleaze oefening op de rekstôk goud helle. Epke besocht in nij elemint mar dat mislearre. Dochs koe hy de Amerikaan Danell Leyva foar bliuwe. Hy krige fan de sjuery it oantal fan 15,966 punten.

Brûns wie der ek noch foar Zonderland op de brêge. Dêr moast hy de Sinees Feng Zhe en de Sloveen Mitja Petkovsek foar litte. De top tolve fan de wrâldtop kaam yn Parys yn aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)