Tsjerkgaaster jonge oppakt

In 16-jierrige jonge út Tsjerkgaast is sneontenacht oanholden foar stellerij en fernieling. Plysjes stiene dy nacht te posten omdat der de ôfrûne wykeinen fernielings west hiene op de rûte Balk, Wikel en Sleat. Doe't in groepke fytsers de plysjes seach, sprong ien fan har dalik fan de fyts en rûn it lân yn. Dat wie de 16-jierrige jonge dy't in tal houten planken by him hie.
Nei alle gedachten hie er dy ergens ôfbrutsen. De jonge is meinommen nei it buro en foar ûndersyk ynsletten.