Ferlies foar Snits Wyt Swart

20 mrt 2011 - 16:57

Snits Wyt Swart hat snein net in goed ferfolch jaan kind oan de 6-1 oerwinning fan ferline wike. Tsjin HSC'21 waard sneintemiddei mei 4-1 ferlern. De ploech fan trainer Johan Groote fuotballe yn de earste helte goed mei, mar joech troch eigen fouten maklik de goals wei. Yn Haaksbergen koe Freerk de Jong foar rêst it ienige Fryske doelpunt meitsje.

Dalik nei de tee kamen de Snitsers op in 3-1 efterstân en dat kaam Snits Wyt Swart net mear te boppe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)