Oerfaller restaurant oppakt

20 mrt 2011 - 14:36

De plysje hat sneontejûn yn Ljouwert in man fan 23 oppakt foar in oerfal. Omtrint njoggen oere wie in maskere man in restaurant oan de Skrâns ynkaam en hie dêr in personielslid mei in mes bedrige. Nei't er jild út de kassa pakt hie, naaide er út.

De alarmearre plysje koe by de Doelesteech in man oanhâlde dy't oan it sinjalemint foldie. Hy waard meinaam nei it buro en dêr die bliken dat er earder dy dei wierskynlik ek telefoans út in winkel stellen hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)