Alkoholkontrôle yn Ljouwert

Op ferskate plakken yn Ljouwert hat de plysje freedtenacht kontrolearre op it riden ûnder ynfloed fan alkohol. By de aksje moasten 795 bestjoerders blaze. Alve hiene tefolle dronken en krigen dêrom proses-ferbaal. Fan dy alve hiene trije boppedat gjin rydbewiis en ien bestjoerder hie ek in falsk kenteken op syn auto oanbrocht.
By de aksje binne ek noch bekeurings útskreaun foar it riden sûnder rydbewiis en it riden sûnder goed sichtbere kentekenplaat.