Fernijd Aylva State wer iepen

Yn Wytmarsum is sneon it fernijde Aylva State fan soarchgroep Tellens iepene nei in ferbouwing dy't ein 2009 úteinsette. Dêrfoar moasten wol guon bewenners ferhúzje nei Boalsert. De gemiddelde leeftiid yn it fersoargingshûs is 89 jier.
In part fan Aylva State is sloopt en ferfongen. Sa binne der 24 soarchapparteminten ferfongen troch 27 modernere apparteminten. Ek it deisintrum, de keuken en de waskerij binne fernijd.