Westra wint yn Nantes

19 mrt 2011 - 18:03

Hurdfytser Lieuwe Westra is sneon de winner wurden fan iendeiske wedstriid Classic Loire-Atlantique. De 28-jierrige ynwenner fan De Tynje ûntsnapte yn de slotkilometer en koe yn Nantes allinnich oer de streek komme.

Westra, dy't ferline wike al sterk ried yn Parys-Nice, wûn syn lêste rit yn 2009. Dat wie ek yn Frankryk, yn de Tour de Picardie. Twad yn Nantes waard de Belch Bert Scheirlinckx, foar de Frânsman Yohan Cauquil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)