Betizing om ynset F16's

F16's fan de Fleanbasis Ljouwert soargen sneontemiddei ûnbedoeld foar betizing. Om fiif oere giene twa de loft yn. Fanwege de kritike situaasje yn Libië tochten in soad minsken dat de F16's nei Noard-Afrikaanske lân fleagen. Dat wie net it gefal.
De gefjochtstastellen moasten yn aksje komme om't in passazjiersfleantúch him net melden hie yn it Nederlânske loftrom. De airbus wie ûnderweis fan Malaga yn Spanje nei Helsinki yn Finlân.