Ingelske skoalle wint NK rugby

19 mrt 2011 - 17:01
  • Foto's: Omrop Fryslân

The British School in the Netherlands hat sneon yn Drachten it Nederlânsk kampioenskip jeugdrugby wûn. De wedstriid wie organisearre troch de rugbyklup Drachten. Sechstjin teams út hiel Nederlân diene deroan mei. It kampioenskip is foar rugbyers fan alve en tolve jier, jonges en famkes. Rugby wurdt de lêste tiid hieltyd populêrder. De winnende Ingelske skoalle sit op fiif ferskate plakken yn Nederlân: yn Den Haach en omkriten en yn Assen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)