Op 'e nij in 0-0 foar ONS

19 mrt 2011 - 16:46

Haadklasser ONS Snits spile sneon foar de sechde kear mei 0-0 lyk. Tsjin ACV út Assen skoarde de ploech fan trainer Jan Vlap net. Pas yn it lêste kertier kaam de wedstriid los, omdat beide ploegen fol foar de winst gongen.

Drachtster Boys ferlear sneon yn deselde haadklasse mei 4-1 fan de nûmer lêst, PKC'83 út Grins. Foar rêst wie it al 3-1. Joël Wagenaar makke it doelpunt foar de Drachtsters. Op de ranglist stiet ONS yn de middenmoat en de Boys yn it sturtsje derfan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)