Wer ferlies Harkemase Boys

19 mrt 2011 - 16:35
  • Martijn Barto yn aksje (foto: awfoto.nl)

Topklasser Harkemase Boys hat sneon foar de fjirde kear op rige ferlern. Op Sportpark De Bosk wie koprinner Spakenburg mei 4-1 te sterk. Yn in fermaaklike earste helte kamen de besikers yn de 22ste minút op in 1-0 foarsprong. Dennis Krohne makke binnen trije minuten 1-1.

Fuortendaliks nei de rêst wie it âld-Hearrenfeanspiler Sebastian Steur dy't de twadde en letter de tredde goal makke. Spakenburger Houwing skoarde de 4-1. Dêrmei wie it dien foar de Boys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)