Obsternate Surhústerfeanster

19 mrt 2011 - 14:50

In 22-jierrige man út Surhústerfean is sneontemoarn betiid troch de plysje yn Drachten oanhâlden. De man hearde by in groep en hy wie obsternaat. Doe't de plysjes dêr wat fan seine, misledige de jongeman harren.

De plysjes warskôgen de man ferskate kearen, mar dat holp net. Dêrom waard er oanhâlden. De man hie ek noch weed en kokaïne by him. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)