Werom nei Disco on Ice
Yn de iishockeyhal fan Thialf giene freedtejûn likernôch twahûndert minsken werom yn 'e tiid. Der waard in reüny hâlden fan it ferneamde Disco on Ice. Dat wie yn de jierren '80 alle wiken it plak dêr't de Feanster jeugd op freedtejûn hinnegie.
Twa hoareka-ûndernimmers hawwe de tradysje nij libben ynblaasd.