Earste ljipaai Ferwerderadiel

It earste ljipaai yn de gemeente Ferwerderadiel is freedtemiddei fûn troch Thom Feddema en Douwe Pieter Vlieg út Raard. Se hawwe it aai fûn yn de greide by Lichtaard. Beide aaisikers hawwe neffens de spulrigels hannele.
It aai is freedtemiddei oanbean oan de boargemaster Van den Berg fan Ferwerderadiel. Beide manlju krigen in oarkonde en it finerslean fan fyftjin euro.