Warns lilk oer wynmûnen

Foto: Omrop Fryslân
Yn Warns binnen se lilk oer de mooglike komst fan twa ekstra wynmûnen. De ried fan 'e gemeente Nijefurd, dêr't Warns foar de weryndieling ûnder foel, hie sein dat op dat plak gjin wynmûnen komme mochten. Mar it bestimmingsplan is net oanpast.
Pleatslik Belang hat in brief oan de riedsleden yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân skreaun. Dêr is lykwols noch gjin reaksje op kaam. De bou fan de wynmûnen kin fan 't maitiid al begjinne.