Gewelddadige eks-freon oppakt

19 mrt 2011 - 13:20

In 25-jierrige Snitser is yn de nacht fan freed op sneon oanhâlden nei't er syn eardere freondinne mishannele hie. De man hie op stap west yn Ljouwert. Dêrnei wie er nei it hûs fan syn eks gien. Hy sloech op 'e ruten en fernielde in rút om deryn te kommen. De Snitser rekke dêrby ferwûne.

De plysje hat de man op 'e earste ferdjipping oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)