Strjitmakker achter dief oan

19 mrt 2011 - 13:15

De plysje fan Drachten hat freed in 15-jierrige ynbrekker út Roemenië oanhâlden. In 33-jierrige bewenster fan in hûs oan de Vlasakkers hie by thúskomst sjoen dat de garaazjedoar iepenstie. In de wente seach de frou twa jonges. Dy naaiden gau út.

Strjitmakkers giene der achteroan en wisten de jonges in tas mei in brekizer ôf te pakken. De beide knapen wisten te ûntkommen. Troch it sinjalemint koe de plysje de 15-jierrige letter dochs oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)