Black-out: man botst op beam

19 mrt 2011 - 13:12

In 68-jierrige automobilist út Nij Beets is freedtenacht it rydbewiis kwytrekke nei't er yn De Tynje in ûngelok feroarsake hie. De man krige op de Rolbrêgedyk in black-out en ried oer de stoepe troch in stek in tún yn. Dêr botste er tsjin in beam. De man is nei it sikehûs oerbrocht.

It Sintraal Buro Rydfeardigens sil ûndersykje oft de man noch geskikt is om oan it ferkear diel te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)