Iepen dei fan de soarch

19 mrt 2011 - 13:03

Santich soarchynstellings yn Fryslân hâlde sneon iepen dei. It is dan de lanlike aksjedei 'Kom kijken in het hart van de zorg'.

Guon ynstellings meitsje in soad wurk fan de iepen dei. Sa hat bygelyks soarchsintrum Sint Theresia op 'e Jouwer in grut feest mei âld-Hollânske spultsjes. By de GGZ-ynstelling yn Snits is it mooglik yn in 'kasthûs' in film oer depresjes te sjen. Sa kin it publyk sels ûnderfine wat dat is. De kringloopwinkel op de Gordyk die ek mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)