Kafee moat terras ôfbrekke

19 mrt 2011 - 12:23
  • Foto's: Omrop Fryslân

Kafee It Skûtsje yn Harns moat fan de gemeente it oerdutsen terras ôfbrekke. It soe 25 jier ferlyn yllegaal oanlein wêze. De gemeente kaam yn aksje nei klachten út de buert oer lûdsoerlêst en driget no mei in twangsom. Yn it kafee mei net smookt wurde en de smokers gean no op it terras sitten.

Neffens René Rijksen fan it kafee sil de oerlêst nei de sloop allinnich mar grutter wurde. Hy ferwachtet der yn in petear mei de gemeente út te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)