Wietse Oosterhof ûnderskieden

19 mrt 2011 - 11:03

Wietse Oosterhof fan Britsum is freedtejûn keninklik ûnderskieden. Hy is beneamd ta lid yn 'e Oarder fan Oranje Nassau. Boargemaster Boertjens fan de gemeente Ljouwerteradiel rikte de fersiersels út op de feestjûn fan moetingssintrum Britsenburgh yn Britsum.

De 69-jierrige Oosterhof naam dêr ôfskied fan it bestjoer. Hy hat 32 jier foarsitter west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)