SP-plan oer jeugdsoarch

18 mrt 2011 - 15:53

As gemeenten de rezjy krije oer de jeugdsoarch, moatte alle bern en âlden dêr in berop op dwaan kinne. Dat is it foarstel fan de SP yn Ljouwert. De partij fynt dat te folle bern bûten de boat falle om't de provinsje no de regels bepaalt. As it foech aanst oergiet nei in gemeente lykas Ljouwert moat dat net mear mooglik wêze.

SP-foaroanman Jeffrey Brakenhof bea it plan freed oan oan wethâlder Thea Koster. De gemeenteried moat oer seis wike reagearje op it SP-foarstel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)