Frijwilligersdagen NL Doet

18 mrt 2011 - 15:41

Tûzenen frijwilligers, gewoane en ferneamde minsken, lykas ministers en de Keninginne, sette har freed en sneon yn foar organisaasjes en ynstellings. Dat dogge se yn it ramt fan de lanlike aksjedagen NL Doet fan it Oranjefonds. It fûns wol dêrmei frijwilligerswurk stimulearje.

Yn it sosjaal-kultureel sintrum yn Balk waard ek wakker putsjedien. Dêr wiene boargemaster Hoornstra en wethâlder Veltman oan it seagjen, timmerjen, himmeljen en fervjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)