Inkeld steigerhaven by hotel

18 mrt 2011 - 14:43

Der is gjin reden om oan te nimmen dat it Van der Valk Hotel yn Snits grutte plannen har mei it natuergebiet by de Broeresleat yn de stêd. Der leit allinnich in oanfraach foar de oanlis fan in lytse steigerhaven en mear net. Dat seit in wurdfierder fan de gemeente.

De Fûgelwacht Snits hie oan de belle lutsen út eangst dat der ek in nije farwei komt foar boatferfier nei it hotel. Neffens de gemeente is dêr gjin sprake fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)