It Brûst wer by Tryater

18 mrt 2011 - 14:00

Tryater is begûn mei de twadde edysje fan It Brûst. Nij is dat it teaterselskip de kommende tiid mei opblaasbere tinten troch de provinsje reizget. Dêryn wurde twa foarstellings opfierd foar jong en âld. It selskip giet ek de kroegen yn mei in nij stik fan Marijke Geertsma en Jan Arendz.

It meast ambisjeuze stik fan It Brûst is Macbeth fan Shakespeare. De Ingelske tekst is yn it Frysk oerset en frij ynterpretearre troch Nynke Laverman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)