Wettersteuring foarby

18 mrt 2011 - 13:39

Ynwenners fan de Jouwer en omkriten hawwe wer wetter. It is wetterbedriuw Vitens slagge om harren oer oare liedings fan wetter te foarsjen. Dat is nedich omdat by grûnwurk in lieding stikken rekke wie.

De oare liedings wurde brûkt salang't it lek noch net makke is, Vitens tinkt dat dat freedtemiddei dien wurde kin. Vitens warskôget der wol foar dat it wetter dat no út de kraan komt, earst noch brún wêze kin, mar dat kin gjin kwea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)