'Kâns ovenramp Harns grut'

Foto: Omrop Fryslân
De Onderzoeksraad voor de Veiligheid moat ûndersyk dwaan nei de feiligensmaatregels fan de nije ôffaloven yn Harns. De maatregels sjitte te koart en de kâns op in ramp is grut. Dat seit de Stifting Afvaloven Nee. De stichting hat fan 'e provinsje tastimming krige de feiligensplannen fan de ôffaloven yn te sjen. Der moat dan ek sa gau mooglik in ekspert nei de plannen sjen, fynt Hans Gillissen fan de stifting.