See-earnen briede wer

Foto: Omrop Fryslân
It spantsje see-earnen dat ferline jier in mislearre briedpoging die yn it Fryske Lauwersmargebiet is wer begûn. Se hawwe op 25 meter fan it âlde nêst in nij nêst boud.
Ferline jier wiene de aaien net befruchte, nei alle gedachten omdat ien fan beide earnen te jong wie. No is de kâns folle grutter dat der jongen komme. Fûgelleafhawwers mei grutte telelenzen binne manmachtich oanwêzich. Mei in hiel goede kiker is it nêst fan de 'zee-arenden' te sjen.