Untwikkeling bedriuweterreinen

18 mrt 2011 - 11:27

Fjouwer gemeenten yn it súdwesten fan Fryslân hawwe in plan makke foar de ûntwikkeling fan bedriuweterreinen. It giet om Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân, Skarsterlân en Súdwest-Fryslân.

Yn it plan stiet hokker nije terreinen der komme moatte en hokker opknapt wurde sille. It giet om yndustryterreinen dêr't fan ôfpraat is dat se útwreidzje kinne. Der wurde ek guon doarpen yn it plan neamd dêr't earst gjin romte foar in bedriuweterrein wie, mar no wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)