Aaien Kollumerlân en It Bilt

Argyffoto Omrop Fryslân
It earste ljipaai fan de gemeente It Bilt is fûn troch de 28-jierrige Douwe van der Woude út Jelsum. Hy fûn it tongersdei oan de Hamerenwei. Van der Woude wie al dagen mei syn heit op paad troch de hiele provinsje. It earste aai fûn hy yn syn eigen neisoarchgebiet. Hy hat al twa kear it earste aai fan It Bilt fûn. Trije jier lyn wie hy de earste fan Wûnseradiel.
Pieter van der Ploeg (63) út Westergeast hat it earste aai fan Kollumerlân fûn.