Noch gjin super Skoatterwâld

17 mrt 2011 - 17:12

De nije wyk Skoatterwâld op It Hearrenfean hat noch altyd gjin supermerk. Dat komt foaral omdat soarchynstelling Talant de hannen fan de super ôflutsen hat. Dy woe minsken mei in ferstanlike beheining yn de supermerk sette. Troch feroarings yn de soarch kin dat no net mear.

Yn it multyfunksjonele sintrum yn de wyk is plak foar in lytse buertsuper. Der is al wol belangstelling, mar dy is noch net konkreet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)