Warskôging foar babbeltrúk

17 mrt 2011 - 15:36

De Fryske plysje warskôget foar oplichters dy't oan de doar komme. Se binne faak tegearre. Mei in ferlechje prate se harsels de wente yn, bygelyks fanwege in lekkaazje.

De oplichters binne benammen oerdeis aktyf. Gewoanwei hâldt ien de bewenner oan 'e praat, wylst de oare stikem bankpaskes en sieraden meinimt. De lêste tiid komt sokke oplichting hieltyd faker foar. Ferline jier wiene der fjirtich gefallen en no liket it noch slimmer te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)