Advokaat easket ekskuzes

17 mrt 2011 - 12:36

De Fryske plysje woe te graach minsken oanhâlde foar de oerfal op juwelier Kramer yn Ljouwert. Dêrtroch binne tiisdei fiif ûnskuldige minsken oppakt. Dat seit de advokaat fan de fiif. De fjouwer Ljouwerters en in frou út Feanwâlden waarden mei in soad machtsfertoan oanhâlden. De scooter dy't by de oerfal brûkt wie, stie yn de tún fan de minsken.

Advokaat Canoy easket no ekskuzes, in dúdlike ferklearring fan de plysje en mooglik ek noch in skeafergoeding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)