Oanpak skoalútfal súksesfol

17 mrt 2011 - 12:29
  • Foto: Omrop Fryslân

It middelber en it fuortset beropsûnderwiis yn Súdwest-Fryslân rint lanlik foarop yn it tsjingean fan skoalútfal. Yn 2008 is lanlik ôfpraat it tal skoalferlitters sûnder diploma mei 40 prosint te ferminderjen. Nei trije jier sit de regio Súdwest-Fryslân lykwols al op 94 prosint. Dat is it bêste resultaat fan hiel Nederlân.

De Fryske skoallen sette benammen yn op de oerstap fan VMBO nei it MBO. Yn 2012 komme der nije lanlike doelen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)