Famke (14) botst op autokarre

17 mrt 2011 - 11:14

In 14-jierrige famke út Frjentsjer is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Harnzerwei. Se stuts mei de fyts neffens de plysje ûnferwachts de dyk oer. In 48-jierrige bestjoerder út Wjelsryp koe mei de auto net mear om it famke hinne.

It famke botste tsjin de oanhingwein achter de auto oan. Se is mei ferwûnings oan 'e earm nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)