Ynbrekker pakt yn Ljouwert

17 mrt 2011 - 10:21

In 25-jierrige man út Frjentsjer is woansdeitemiddei oanhâlden as fertochte fan in ynbraak yn Ljouwert. De bewenner fan in hûs oan de Ypk fan der Fearwei kaam de man oer it mad doe't er by de achterdoar stie te rommeljen. De ynbrekker naaide út.

De plysje sette in Boargernetaksje op tou. Dêr diene mear as fiifhûndert minsken oan mei. De man waard op 'e Rameaustrjitte yn Ljouwert oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)