Froulju slaan man mei stôk

17 mrt 2011 - 09:55

In 58-jierrige man út Mullum is woansdei by de maneezje yn Arum troch twa froulju mishannele. It giet om in 32-jierrige frou út Piershil yn Súd-Hollân en in 18-jierrige frou út Zuid-Beijerland, ek Súd-Hollân.

De froulju kamen om in pony. Dy wie yn beslach naam troch justysje. Se wiene lilk en mishannelen de man dy't dêr as frijwilliger wurke en mei de pony neat te krijen hat. De froulju sloegen him dêrby mei in stôk. De man rekke ferwûne oan it gesicht

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)