Staking bij Romein Beton

© Omrop Fryslân
Der komme aksjes by it bedriuw Romein Beton op 'e Gordyk. De bûnen en de wurkjouwer binne it net iens wurden oer de skeafergoeding. It bedriuw slút per 1 july de doarren en ferpleatst de produksje nei Dodewaard. Dêrtroch komme 17 minsken op strjitte te stean.
De bûnen sille de wurkjouwer in ultimatum stelle, en as dêr net op 'e tiid op reagearre wurdt, wurdt der mooglik nije wike freed staakt.