Ek aai Ljouwert en Skarsterlân

16 mrt 2011 - 16:40

It earste ljipaai fan Ljouwert is woansdei fûn. Willem Breeuwsma seach it aaike om 15.15 by de Werpsterdyk by Wurdum. Breeuwsma út Ljouwert wie earder de earste finer, yn 2003 en yn 2009. Hy biedt it aai tongersdei oan boargemaster Crone oan.

It earste ljipaai fan Skarsterlân is woansdei ek fûn, om 15.35 by Aldehaske. Anton Silvius út dat plak wie de finer. Hy biedt it tongersdei oan oan boargemaster Looman-Struijs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)