Mear argewaasje oer rapport

16 mrt 2011 - 16:37

De gemeenteriedsfraksje fan Dantumadiel '82 is bot fernuvere oer it rapport oer de weryndieling. Dat rapport is opsteld yn opdracht fan de provinsje en bedoeld om te sjen hoe't gemeentegrinzen der yn de takomst it bêste hinne lizze kinne.

Neffens Dantumadiel '82 mist it rapport in goeie ûnderbouwing. Sa wurdt skreaun dat gruttere gemeenten effisjinter wurkje kinne. Neffens Postma fan de fraksje is dat perfoarst net sa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)