Sûnder stroom foar goed doel

16 mrt 2011 - 15:16

Fjouwer studinten út Ljouwert wenje in wike lang yn in hûs sûnder gas en elektrisiteit. Se ha gjin ljocht, waarm wetter, tillefoan en ynternet.

It is ûnderdiel fan de lanlike aksje 'de gekste dag' fan de VARA en BNN. Se wolle jild ynsammelje foar ferskate goede doelen lykas Alzheimer en it jeugdkultuer- en sportfûns. Doel is dat de studinten mei kluskes op syn minst 1000 euro ophelje. Op 28 maart is de lanlike slotjûn fan dizze aksje mei in spesjale tillevyzje-útstjoering.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)