Brân pleats De Gaastmar

(foto Jan Droogsma)
By in brân yn in pleats oan de Yntemapolder op de Gaastmar binne woansdei 25 kij en in tal kninen en kavia's omkommen. De brân ûntstie om healwei ienen en doe't de brânwacht oankaam stie de pleats al fan foar oant achteren yn de brân. De brânwacht koe der doe al net mear yn om de bisten te rêden. Wol koene se foarkomme dat de brân oersloech nei de loadsen dy't der nêst stiene.
De pleats is folslein ôfbaarnd.