Fynst ljipaai net reglemintêr

16 mrt 2011 - 12:12

It earste ljipaai fan Fryslân is woansdeitemoarn fûn yn Tytsjerksteradiel, mar it kin net oanbean wurde. It BFVW hat it aai ôfkard, om't it net neffens de proseduere oanmelden is.

Geert Kleinhuis fan Earnewâld fûn it aai oan de Simmerdyk by Hurdegaryp, mar wie sûnder telefoan it lân yn. Hy is nei hûs gien om it oan te melden, mar dat mei sa net. De finer moat by it nêst bliuwe as er syn fynst meldt by de fûgelwacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)