Plan om Saailân te fergrutsjen

16 mrt 2011 - 11:51

It Saailân yn Ljouwert kin grutter makke wurde troch de bushaltes by it gerjochtshôf fuort te heljen.

De riedsfraksjes fan Pal/Grienlinks en PvdA ha in plan betocht om de mooglikheden fan it nije Saailân te fergrutsjen. It ferlizzen fan de rûtes fan de streek- en stedsbussen is dêr ûnderdiel fan. Troch fan de Prins Hendrikstrjitte en it Ruterskertier in fyts- en fuotgongersgebiet te meitsjen is der mear romte foar de freedsmerk en oare eveneminten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)