Takomst fleanbasis noch ûnwis

It bliuwt noch hieltyd ûndúdlik wat de takomst is foar de fleanbasis yn Ljouwert. Definsje soe dizze moanne bekend meitsje wêr't op besunigje wurde moat, mar dat slagget net. Neffens in wurdfierder is it dreech om te kiezen.
Begjin april wurdt nei alle gedachten mear dúdlik. Minister Hillen fan definsje wol soarchfâldich hannelje en dat nimt tiid. Defensje moat 1 miljard euro besunigje. In opsje is om de basis yn Ljouwert te sluten.