Afvaloven Nee ferliest saak

Stichting Afvaloven Nee hat in saak by de Raad van State oer de ôffaloven ferlern. Foarich jier woene de tsjinstanners dat Omrin ophâlde mei de bou fan de oven yn Harns, om't de miljeufergunning doe ferneatige wie. Se fregen de provinsje om hanthavenjend op te treden tsjin Omrin, mar sy lieten Omrin trochbouwe.
Der is ûnderwilens in nije fergunning, dus hat it neffens de Raad van State gjin sin om tsjin Omrin op te treden.