Auto yn beslach naam

16 mrt 2011 - 10:08

De plysje hat tiisdei de auto fan in 40-jierrige man yn beslach naam. Hy wie op de Dammeleane by in snelheidskontrôle betrape mei 87 kilometer op de teller, wylst er 50 mocht. Doe't de plysje nei syn rydbewiis frege, die bliken dat dat ûnjildich ferklearre wie.

Yn oerlis mei de offisier fan justysje is besletten de auto yn beslach te nimmen. De man hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)