Satellytbewaking Iselmardyk

Fyftich kilometer Iselmardyk yn Fryslân wurdt ekstra goed bewaakt fanút de romte mei help fan in satellyt fan de Europeeske Romtefeart Organisaasje. Mei fyftich kilometer dyk oan de Noard-Hollânske kant bart itselde.
It giet om in Europeeske proef dêr't ûnder mear kennisynstitút Deltares by belutsen is. Der wurdt sjoen oft in dyk ek ferfoarmet. Mei in satellyt giet dat simpeler as mei in ploech lânmjitters.