Ledljocht yn soarchsintrum

15 mrt 2011 - 22:20

It Snitser Dr. Wumkeshûs wurdt ynkoarten hielendal mei ledlampen ferljochte. De ledlampen binne 80 persint suniger as gloeilampen.

Soarchynstelling Tellens, dêr't it Wumkeshûs byheart, hat 50.000 euro stipe fan de provinsje krigen foar it projekt dat yn totaal 225.000 euro kostet. Doel is om mei de ledlampen stroom te besparjen, mar ek ûnderfining op te dwaan mei it gebrûk fan ledljocht yn de soarch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)