Laadpunt elektryske auto's

15 mrt 2011 - 21:43

Eigners fan in elektryske auto kinne ynkoarten ek yn Harns de auto oan de stroom sette. Op de Suderhaven wurdt in parkearplak ynrjochte as laadpunt.

De stichting E-laad.nl soarget foar de pleatsing fan it laadpunt. Dy stichting is in gearwurking fan de Nederlânske netbehearders en wol foar safolle mooglik laadpunten soargje om it elektrysk riden te promoatsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)